ME siket yn de bosk nei Wouda

03 feb 2012 - 11:58

De plysje giet freed yn de bosken by Beetstersweach fierder mei de syktocht nei harren fermiste kollega Friso Wouda. In syktocht mei in helikopter smiet tongersdei neat op.

De plysjeman yn oplieding wurdt sûnt tiisdei fermist. De man fan Fryske komôf is tiisdei foar it lêst sjoen by in pinautomaat by it A-Kerkhof yn Grins. Om't hy syn tsjinstpistoal meinaam hat meitsje plysje en famylje harren grutte soargen. Hy hat mooglik gjin eigen auto. Dêrom siket de plysje ek nei in mountainbike.

Der binne ek flyers ferspraat ûnder taksysjauffeurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)