ME siket nei fermiste man

31 des 2008 - 11:29

De Mobiele Eenheid sil yn de rin fan de dei sykje nei de 58-jierrige Philip Arthur Koekoek út Woerden. Dy wurdt sûnt justermiddei fermist, neidat er op de Ryptsjerksterpolder te riden gien wie.

Doe't er oan de ein fan de dei neat fan him hearre litten hie, skeakele syn famylje de plysje yn. Dy hat ûnder oare mei in warmtebyldkamera en mei in helikopter nei de man socht. De man sels is dêrby net fûn, wol waard syn auto oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)