MCL: ynvestearje yn opliedings

23 jun 2009 - 14:01

Sikehûs MCL yn Ljouwert moat de kommende jierren mear spesjalistysk opliede om foar te kommen dat yn de takomst djoer personiel ynhierd wurde moat fan útstjoerburo's. Op de koarte termyn kostet dat it sikehûs jild, mar op langere termyn wurdt wer in soad jild besparre.

Sikehuzen yn it noarden sille ek mear gearwurkje as it giet om de oplieding fan nij personiel. No is it sa dat guon sikehuzen yn ferhâlding folle mear oan oplieding dogge as oaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)