MCL yn top 10 Elsevier

15 okt 2009 - 16:36
  • It Medysk Sintrum Ljouwert komt goed út it jierlikse sikehuze-ûndersyk

Mei in sechde plak is Medysk Sintrum Ljouwert MCL it bêste Fryske sikehûs. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan wykblêd Elsevier. It MCL krijt it predikaat 'uitstekend'.

Sikehûs De Sionsberch yn Dokkum komt min út it ûndersyk. It is it op ien nei swakste sikehûs fan Nederlân. Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean skoart gemiddeld en it Antoniussikehûs yn Snits en Nij Smellinghe yn Drachten skoare goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)