MCL wol noch in MRI-apparaat

09 jul 2007 - 10:09
  • it meitsjen fan in MRI-scan

It MCL yn Ljouwert besjocht oft it nedich is in tredde MRI-apparaat oan te skaffen.

Ferline jier koe de wachttiid foar it meitsjen fan in MRI-scan ynkoarte wurde fan sân nei trije wiken, troch ek jûns en op sneon scans te meitsjen. Mar yntusken is dy wachttiid wer ferdûbbele, omdat it tal oanfragen tanimt. Dat komt ûnder oaren omdat by hieltyd mear klachten in MRI-scan makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)