MCL wol heger yn de AD top 100

02 okt 2013 - 21:02

It personiel fan it MCL is bot teloarsteld oer de skoare fan it sikehús yn de test fan it AD, sa't dy dit wykein bekend makke waard. It sikehús stie op it allerleechste plak yn de top 100. De direksje hat dêrom woansdeitemiddei in byienkomst belein om de meiwurkers de gelegenheid te jaan om de teloarstelling mei elkoar en de direksje te dielen. De oarsaak fan it lege plak is neffens it MCL ûnder oare de systematyk fan de test, mar se jouwe ek ta dat der altyd guon saken binne dy't better kinne.

It sikehús sil der alles oan dwaan om takom jier heger te einigjen yn de list.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)