MCL is in topsikehûs

20 sep 2012 - 21:01
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs MCL is tongersdeitejûn yn Utert útroppen ta topsikehûs fan Nederlân. Dêrby wurdt benammen sjoen nei de bedriuwsfiering fan in sikehûs. De priis waard útrikt op it gala fan de Nationale Zorgjaarprijs. Neffens it MCL is de priis in blyk fan erkenning foar alle minsken fan it MCL. Sy leverje mei-elkoar goed wurk, sadat it sikehûs saaklik sjoen goed draait.

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wie nominearre foar de priis foar it meast oantreklike sikehûs om foar te wurkjen, mar wûn úteinlik de priis net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)