MCL stelt needplan keuken op

23 mrt 2001 - 00:00

De keuken fan sikehûs MCL yn Ljouwert hat in needplan opsteld yn ferbân mei de tongblier. As nei sneon noch in ferfiersferbod jildt, wurdt troch de leveransier molke út it bûtenlân helle.

Fleis is der noch genôch foar trije wiken. Mooglik moat it menu dochs oanpast wurde. Omdat alles automatisearre is, hat dat grutte gefolgen. It MCL leveret alle dagen iten oan 1200 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)