MCL: spatier mei laser oanpakke

02 des 2005 - 08:08

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat fan takom jier ôf in nije oanpak foar spatieren. Mei help fan in laser ferdwynt de spatier, mei minder pine as by oare behannelingen. Yn de measte gefallen kinne pasjinten de oare deis gewoan harren gong wer gean. De behanneling duorret trije kertier.

Fjouwer op de tsien spatiergefallen kinne mei de nije technyk behannele wurde. It MCL is it earste sikehûs yn it Noarden mei sa'n behanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)