MCL sil medisinen meitsje

30 okt 2008 - 16:48
  • De yngong fan it MCL yn Ljouwert

Sikehûs MCL yn Ljouwert mei tenei har eigen medisinen meitsje. It giet dan om medisinen dy't net yn de gewoane hannel te krijen binne. De ôfdieling Sikehûsfarmasy fan it MCL hat hjirfoar in sertifikaat krigen fan 'e ynspeksje foar de sûnenssoarch.

It MCL is it earste sikehûs yn Noard-Nederlân dat dit sertifikaat helle hat. Neffens it MCL komt dat omdat it dreech is om jo eigen medisinen te meitsjen. Der wurde hege easken steld oan de ynstallaasjes en de romten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)