MCL set keunstwurk út

20 mrt 2013 - 08:39

It MCL yn Ljouwert docht kommende sneon it ljochtkeunstwurk by syn gebou in oere lang út. It sikehûs heakket dêrmei oan by de aksje Earth Hour, in inisjatyf fan it Wereld Natuur Fonds. Dat wol sa omtinken freegje foar it miljeu. Ek oare bedriuwen, ynstellingen en partikulieren dogge oan de aksje mei.

Neffens it MCL moat it útdwaan fan it keunstwurk foaral sjoen wurde as in symboalyske aksje. De tl-buizen yn it keunstwurk binne al enerzjysunich. Dy tl-buizen foarsjogge ien fan de sydmuorren fan it sikehûs jûns en nachts fan kleuren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)