MCL ree om rol te spyljen by opfolging De Sionsberg

25 nov 2014 - 21:54

It Ljouwerter sikehûs MCL is noch net frêge om mei te tinken oer in oplossing foar it mooglik ferdwinen fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Dat seit direksjefoarsitter Donkervoort fan it MCL. Neffens Donkervoort is it earst oan soarchfersekerder De Friesland, de lokale polityk en sikehûs Nij Smellinge om mei nije plannen te kommen yn Dokkum. As dêr lykwols help by nedich is dan is Donkervoort ree om mei te tinken. Tiisdei waard bekend dat soarchgroep Pasana, dêr't de Sionsberg ûnder falt, nei alle gedachten fallyt giet.

It MCL hat in soad ekstra drokte, omdat in part fan de operaasjes fan De Sionsberg ferpleatst wurdt nei Ljouwert. Yn Dokkum wurdt fan no ôf net mear operearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)