MCL oefenet yn de ferloskeamer

26 apr 2011 - 22:38

Sikehús MCL hat de ôfrûne wiken in teamtraining op de ferloskeamers dien. De training wie rjochte op it ferbetterjen fan de wurkwize fan it team, dat bestiet út in spesjalist, ferloskundige en ferpleechkundige.

De training waard útfierd op in folslein ynrjochte ferloskeamer mei in kompjûterstjoerde pop as befallende frou. By sa'n pop kin alles gebeure dat yn it echt ek kin. De klam lei op kommunikaasj en gearwurking by ferloskundige kalamiteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)