MCL: net werve yn Rânestêd

22 mrt 2010 - 12:26
  • It Medysk Sintrum Ljouwert

It MCL yn Ljouwert hâldt op mei wervingskampanjes yn it westen fan it lân. In kampanje foar it werven fan personiel foar de hertôfdieling is útrûn op in mislearring. Yn alle hús-oan-húskranten en lanlike kranten stiene grutte advertinsjes, mar der kamen mar trije reaksjes binnen. En de kampanje koste tsientûzenen euro's.

Ek foar oare ôfdielings is it dreech om personiel fan bûten te krijen. Ynstee fan kampanjes wol it MCL no sels mear MBO'ers en HBO'ers opliede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)