MCL lêste yn sikehûstest AD

28 sep 2013 - 07:34

It Medysk Sintrum Ljouwert stiet op it lêste plak fan de sikehûs-top 100 fan it Algemeen Dagblad. Neffens de krante skoart it MCL min op ferpleging en op resultaten nei operaasjes fan prostaatkanker.

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum stiet 1 plak heger as it MCL. It Antoniussikehûs yn Snits docht it it bêste, mei in 29e plak. Nij Smellinghe yn Drachten einiget op in 47e plak en De Tsjongerskâns fan It Hearrenfean op in 64e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)