MCL krijt sifer 8,1

28 mrt 2011 - 17:20

Pasjinten fan de spoedeaskjende help yn sikehûs MCL yn Ljouwert jouwe de ôfdieling in 8,1. De 300 minsken dy't ûnderfrege binne fine de ynformaasjefoarsjenning en hâlding fan de ferpleechkundigen goed. Allinnich de ynformaasje oer de wachttiden kin better.

It is de earste kear dat sa'n ûndersyk dien is. 20 sikehuzen stelle no mei-elkoar in standert op om de kwaliteit fergelykje te kinnen. It MCL sit by de bêsten fan de ûndersochte sikehuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)