MCL krijt kwaliteitskarmerk

11 feb 2009 - 11:39
  • Berne-ôfdieling MCL krijt karmerk

De berne-ôfdieling fan it MCL hat it kwaliteitskarmerk Smiley krigen. It MCL is it iennichste sikehûs fan Fryslân mei dat karmerk. It jout oan dat de soarch op de berne-ôfdieling foldocht oan alle kritearia fan de Stichting Kind en Ziekenhuis.

Dy kritearia binne ûnder oare dat de âlden de hiele dei by har bern bliuwe meie. Ek meie âlden by it tatsjinjen fan de narkoaze wêze en yn de útsliepkeamer wêze as de bern wer bykomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)