MCL krijt dialysefytsen oanbean

15 feb 2005 - 19:35

Sikehûs MCL yn Ljouwert krijt trije dialysefytsen oanbean troch de nierpasjinteferiening Fryslân. De fytsen bestean út in apparaat mei twa trapers, dat foar in dialysestoel delset wurdt. Pasjinten kinne der ûnder it dialisearen gebrûk fan meitsje.

Mei de fytsen wurdt foarkaam dat dialysepasjinten ûnder de behanneling seare fuotten krije. Boppedat liket it dialisearen minder lang te duorjen. De fytsen wurde nije wike oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)