'MCL heart net op lêste plak'

28 sep 2013 - 15:15

Sikehûs MCL heart net thús op it allerleechste plak stiet yn de sikehûs-top 100 fan it Algemeen Dagblad. Dat seit MCL-direksjefoarsitter Donkervoort. Neffens de krante moast in tredde part fan it de pasjinten mei prostaatkanker opnij operearre wurde, en dat skoart min.

Wat it byld fertekenet is dat it MCL in soad pasjinten trochstjoerde nei in sikehûs yn Arnhim, omdat dêr in operaasjerobot wie. Sa bleaune komplekse gefallen mei in risiko oer foar it MCL. It MCL hat no ek in operaasjerobot, seit Donkervoort.

By de ferpleging skoart it MCL ek net goed. Dêr soe in oare wize fan registrearjen fan bygelyks pine en ûnderfieding mooglik ek de oarsaak wêze. Donkervoort wol dat fierder útsykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)