MCL-hantekenings foar minister

12 okt 2004 - 12:28

Minister Hoogervorst fan Folkssûnens krige moandei by de iepening fan it nije MCL yn Ljouwert 1100 hantekenings oerlange troch de fakbûnen. It personiel fan it sikehûs hat de hantekenings set tsjin it kabinetsbelied.

De sikehûsmeiwurkers meitsje har net allinnich drok om de foarnommen plannen om it preepensioen en de vut ôf te skaffen. Ek hawwe se soargen oer feroarings yn de Arbeidstidewet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)