MCL djoerste sikehûs fan Fryslân

11 jan 2005 - 20:55

Sikehûs MCL yn Ljouwert liket it djoerste sikehûs fan Fryslân. Dat docht bliken út in stekproef by de fiif Fryske sikehuzen op ynternet. It is de ynstellings ferplicht om de prizen op ynternet te publisearjen.

As je de behannelings foar staar, amandelen, diabetes, in nije heup en in lysbreuk fergelykje dan docht bliken dat sikehûs Nij Smellinghe fan Drachten de goedkeapste is, en it MCL yn Ljouwert de djoerste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)