MCL: desynfektearjen ferplicht

10 mrt 2008 - 10:46

Besikers fan ferpleechôfdielingen yn it sikehûs MCL bliuwe ferplichte om har hannen mei alkohol te desynfektearjen as se wer fuort geane. Dizze maatregel is twa jier lyn earst tydlik ynfierd, om de fersprieding fan de saneamde VRE-baktearje tsjin te gean. De baktearje is hast net mei antibiotika te bestriden.

Nei de ekstra hygiënemaatregels wie it sikehûs de baktearje gau kwyt. By de útgongen kinne de hannen himmele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)