MCL bewarret dossiers langer

06 jan 2005 - 06:24

Sikehûs MCL yn Ljouwert bewarret pasjintedossiers tenei 15 jier. Oars wie de termyn 10 jier. Om't se by binne, wurde der gjin dossiers mear ferneatige. De kliïnteried en de Nationale Gezondheidsraad hiene foar in langere bewartermyn pleite.

Oan 'e dossiers kinne medisy sjen oft in sykte fan no te krijen hat mei saken út it ferline. Dêrneist kin de wittenskip neigean hoe't guon sykten har troch de tiid hinne ûntwikkelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)