MCL begjint projekt oer RSI

27 aug 2000 - 15:27

It Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) set út ein mei in foarljochtingskampanje oer RSI. RSI, better bekend as 'mûsearm', wurdt neffens it sikehûs de sykte fan dizze ieu.

Klachten dy't ferbân hâlde mei RSI kinne fan de iene op de oare dei ûntstean. Faak is net dúdlik wat presys de oarsaak is. Fan 4 septimber ôf jout it MCL in ynformaasjemap út oer de sykte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)