MCL begjint 2006 mei tekoart

19 des 2005 - 10:19

It sikehûs MCL yn Ljouwert begjint it nije jier mei in tekoart fan oardel miljoen euro. It sikehûs hat te krijen mei tanimmende kosten foar medisinen en apparatuer. In soad kontrakten mei soarchfersekerders binne noch net rûn.

Neffens de foarsitter fan de Ried fan Bestjoer is der gjin reden foar soarch. Op de totale begrutting fan 200 miljoen euro is it tekoart mar lyts. Ferline jier wie it tekoart noch heger as no. Dochs wurdt 2005 posityf ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)