McEwen wint yn Surhústerfean

05 aug 2003 - 00:00

De Australyske sprinter Robbie McEwen wûn tiisdei de profronde fan Surhústerfean. Yn 'e einsprint wie McEwen krekt even rapper as de Italiaan Alessandro Petacchi en Rudie Kemna. It wie de earste kriteariumoerwinning fan it seizoen foar de yn België wenjende Australiër. "Robbie wie hiel sterk hjoed", sei Petacchi nei ôfrûn.

De sprinters achterhellen yn it lêste rûntsje Max van Heeswijk en Servais Knaven, dy't in skoft foarop rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)