McDrive ein febrewaris wer iepen

06 des 2005 - 14:52

It ôfbaarnde McDonalds-restaurant yn Goutum wurdt ein febrewaris wer iepene. Dizze wike wurdt de earste peal slein foar de nijbou. It nije gebou wurdt in pear meter grutter as it eardere restaurant.

De festiging fan McDonalds baarnde heal oktober folslein ôf. De skea rint yn de hûndert-túzenen euro's. De brân is nei alle gedachten oanstutsen. Op bylden fan in befeiligingskamera is in man te sjen dy't mooglik wat oanstekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)