McDonald húskeamer yn MCL

09 nov 2009 - 14:12

Sikehûs MCL iepenet meikoarten in Ronald McDonald-húskeamer. Yn dy húskeamer kinne âlden fan bern dy't yn it sikehûs lizze oerdeis even bykomme yn in húslike omjouwing. Dizze wike fiert it Ronald McDonaldhûs Fryslân ek it fiif-jierrich bestean.

Yn dy fiif jier is oan hûnderten húshâldings opfang bean. It Ronald McDonaldhûs soarget derfoar dat húshâldings dy't in bern yn it sikehûs ha, dochs byinoar wêze kinne sadat it gewoane libben wat trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)