Mboua folge troch topklubs

18 okt 2007 - 09:25
  • Europeeske topklubs sjugge wol wat yn Mboua

SC Cambuur-oanfaller Marc Mboua is de lêste wiken geregeld besjoen troch skouts fan Europeeske klubs. Neffens direkteur Alex Pama is der lykwols noch gjin konkrete ynteresse foar de spits. De Kameroenees skoarde dit jier al seis kear en dat is opfallen.

Under oaren Lille en Chelsea soene ynteresse hawwe foar Mboua. In mooglike transfersom wol Pama net neame. Der wurdt spekulearre oer in bedrach fan mear as ien miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)