Mboua bliuwt by SC Cambuur

13 des 2007 - 18:13
  • Mboua bliuwt by SC Cambuur

Cambuuroanfaller Marc Mboua wurdt yn 'e winterstop net ferkocht. De klub is op dit stuit sels mei de 20-jierrige Kameroenees yn petear om syn noch twa-en-in-heal-jier troch rinnende kontrakt iepen te brekken en mei in jier te ferlingen. Dat seit Cambuurdirekteur Alex Pama.

Al sûnt de wedstryd tsjin AZ yn september dogge ferhalen de ronde dat der belangstelling is foar Mboua yn Nederlân en it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)