MBO-studinten krije ûnderwiis oer duorsume enerzjy

09 sep 2015 - 18:24
  • Duorsume enerzjy

Hûnderten MBO-studinten yn it Noarden krije dit skoaljier tweintich oeren les yn duorsume enerzjy ûnder de namme Energy College. Yn Fryslân dogge it Friesland College, Nordwin College en ROC Friese Poort mei.

By dizze basismodule enerzjy leare sy bygelyks wat enerzjytransysje betsjut. Dat is de oergong fan fossile boarnen lykas oalje nei duorsume boarnen lykas sinne-enerzjy. Ien fan de oanliedings om hjir mear omtinken oan te jaan, is dat der in grut ferlet is fan technysk talint dat oerwei kin mei duorsume enerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)