Mazda en BMW stellen

31 mrt 2009 - 09:31

Op De_Jouwer en yn Haulerwyk binne de ôfrûne dagen twa auto´s stellen. Op De_Jouwer giet it om in blauwe Mazda fan it type 323. De auto is yn it wykein stellen op de Firmawei. De 39-jierrige eigner út Snits hat oanjefte dien.

Yn Haulerwyk waard moandeitemiddei in BMW fan it type 5-searje stellen op de Leeksterwei. De eigner, in 53-jierrige man út Daarlerveen, hat ek oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)