Maxima op fleanbasis Ljouwert

13 jun 2010 - 08:52
  • Maxima op de fleanbasis (foto: ministearje fan Definsje)

Prinses Maxima hat ferline wike in wurkbesite brocht oan de fleanbasis yn Ljouwert. Dat hat it ministearje fan Definsje bekend makke. Maxima krige op de fleanbasis útlis oer de taken en wurkwize fan de loftmacht yn it algemien en de fleanbasis Ljouwert yn it bysûnder.

De prinses brocht ek in besite oan in F-16-fleansimulator en oan it 303 Search and Rescue Squadron. Dat fersoarget ûnder oare it ferfier fan pasjinten fan de eilannen ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)