Máxima nei fytsefabryk

19 jul 2004 - 11:37

Prinses Máxima bringt op 15 septimber in besite oan it Batavus-fytsefabryk op It Hearrenfean. Dy dei is it hûndert jier lyn dat it fabryk iepene waard. Boppedat rôlet op 15 septimber de tsienmiljoenste fyts it fabryk út.

By Batavus wurkje likernôch 450 minsken. Dit jier binne der ferskate jubileumaktiviteiten. Wat prinses Máxima yn septimber krekt dwaan sil yn it fabryk, is noch net bekendmakke troch de Ryksfoarljochtingstsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)