Máxima mei foar it earst mei

30 apr 2002 - 00:00

Keninginnedei wurdt tiisdei fierd yn Hoogeveen en Meppel. Ferline jier soe Beatrix mei har selskip al nei beide Drintse plakken ta, mar dat gie net troch fanwege de tongblierkrisis.

Foar it earst binne prinses Máxima en prinses Laurentien oanwêzich. Prins Claus is der net by. Dat lit syn sûnens net ta. Nei alle gedachten folget er de dei fia de televyzje yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)