Máxima komt nei Oerterp

18 maaie 2011 - 07:07

Prinsesse Máxima komt nei Fryslân. Yn Oerterp sil se op 31 maaie de fyftichste organisaasje fan de Stichting Present iepenje. De stifting bemiddelet by aktiviteiten, bygelyks it helpen fan ferhúzjen fan minsken sûnder sosjaal netwurk en it hâlden fan speurtochten mei jongeren mei in beheining.

De iepening troch prinsesse Máxima yn Oerterp sil plakfine yn in tinte op it terrein fan it Oerrock popfestival. Dat festival begjint Himelfeartsdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)