Maxim Gazendam makke de moaiste sânskulptuer yn Snits

16 jun 2015 - 10:39

Maxim Gazendam fan Utert is de nije Nederlânsk kampioen sânskulptueren. Dat hat de organisaasje fan it Sanskulptuerefestival Fryslân yn Snits bekend makke. It NK is in fêst ûnderdiel fan it festival. It kampioenskip waard twa jier achter mekoar wûn troch Jeroen Advocaat. Dy waard dit jier twadde. Gazendam wûn mei syn skulptuer 'I want it all'. Tema dit jier wie 'Een reis rond de wereld'.

De keunstners koene ek op mekoar stimme. Dêrby kaam de Grinzer Sikke Bart Frieling mei syn Europa skulptuer as winner út de bus.

It festival mei 25 skulptueren is oant 20 septimber iepen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)