Max Houttuin lulk op Veendam

02 maaie 2003 - 00:00

De Ljouwerter fuotballer Max Houttuin is lulk op de technyske stêf fan fuotbalklub Veendam. Neffens Houttuin leit it oan de technyske stêf dat hy fuort moat by de Grinslanner klub. Veendam hie Houttuin hierd fan SC Hearrenfean, mar dy klub hat it gearwurkingsferbân mei Veendam opsein.

Njonken Houttuin moat ek Mark van Eijk Veendam ferlitte. Neffens de klublieding soene Houttuin en Van Eijk 'net goed genôch' wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)