Max-Havelaar kofje by provinsje

27 jan 2006 - 12:17

Grien Links yn Provinsjale Steaten fynt dat der ek yn de takomst Max Havelaar-kofje dronken wurde moat op it provinsjehûs. Fanwege de ferbou ferhuzje de provinsjale amtners meikoarten tydlik nei in oar ûnderkommen.

De fraksje fynt dat ek dêr de solidariteitskofje dronken wurde moat. Sûnt 1988 kin de Havelaar keazen wurde as ien fan opsjes yn de kofje-automaten fan it provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)