Matras ferplicht ympregnearje

26 jul 2013 - 20:15

De Fryske brânwacht fynt dat alle meubels en matrassen ympregnearre wurde moatte tsjin brân. Alle 25 brânwachtkommandanten fan Brânwacht Nederlân wolle dat dit wetlik ferplicht wurdt. Op dit stuit is der gjin ferplichting, wylst dat bygelyks yn Ingelân wol it gefal is.

It ympregnearjen soarget der foar dat de brân him minder fluch útwreidet. No is it sa dat in matras hast like fluch brânt as benzine. Earder wie de krityk altyd dat by it ympregnearjen giftige stoffen brûkt waarden, mar dat soe no net mear it gefal wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)