Matige kaartferkeap Spangea

04 jun 2011 - 16:18

Oer twa en in heale wike is yn Spangea de premjêre fan de jierlikse opera. Dit kear wurdt it stik Falstaff fan Verdi opfierd. Mar de kaartferkeap bliuwt flink achter. Noch net iens in tredde fan de 4 tûzen kaartsjes is ferkocht.

Mei 45 euro it kaartsje is de opera ek net echt goedkeap. De organisaasje tinkt dat it ek komt troch de konkurrinsje fan oare grutte kulturele eveneminten lykas Oerol, dat tagelyk holden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)