Matige 500 m Beorn Nijenhuis

14 nov 2008 - 16:56

Op de 500 meter manlju by de wrâldbekerwedstriden freed yn Thialf spilen de Nederlanners gjin rol fan betsjutting. De Fries Beorn Nijenhuis waard 17e yn 35,78. Bêste Nederlanner wie Jan Smeekens op in 13e plak yn 35,50.

De bêste tiid waard makke troch de Fin Pekka Koskela mei 34,88 en twad wie de Rus Dmitri Lobkov yn 35,16. In pupil fan Sijtje van de Lende, de Sinees Fengtong Yu, einige as tredde yn 35,18.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)