Materiële skea troch stoarm

09 jan 2005 - 13:38

Stoarm hat sneon yn Fryslân soarge foar in soad materiële skea. Der waaiden stikken fan daken en takken fan beammen ôf. Dit soarge foar skea oan auto's en hûzen. Yn Ljouwert foel in frou fan har fyts ôf troch de stoarm. De fearboaten fan Harns nei de eilannen Skylge en Flylân giene mar ien kear hinne en wer. De fearboaten nei it Amelân en Skiermûntseach foeren wol neffens de normale tsjinstregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)