Materialehok Dokkum útbrând

13 feb 2010 - 13:00
  • Ferbrânde fuotballen

By fuotbalklup VV Dokkum is fan 'e moarn betiid it materialehok hielendal útbrând. Sa'n 160 ballen, heskes en oar guod is ferlern gien. Ek de betriedding nei de ferljochting op it fjild is fernield. Plysjeminsken seagen reek fan it sportkompleks kommen en warskôgen de brânwacht.

Nei alle gedachten is der sprake fan brânstichting. De fuotbalklup is fersekere foar brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)