Materiaal Theo Pijper stellen

17 maaie 2005 - 22:47

Speedwaykoereur Theo Pijper is yn it pinksterwykein yn Skotlân al syn trije motors kwyt rekke. Dy waarden stellen út in garaazjeboks. Lykas bekend rydt de ynwenner fan Rinsumageast by de Skotse Edinburgh Monarchs yn de speedwaykompetysje.

De plysje hat ien fan de motors werom fûn. Dizze wie folslein fernield en yn'e brân stutsen. De strop foar Pijper is mear as 40.000 Euro. It kommende wykein moat hy nij materiaal hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)