Masters Gastronomy by Stenden

04 mrt 2011 - 16:31
  • In gerjocht fan kok Leendert Scholtus
  • Lektor gastronomy Peter Klosse

Studinten fan de Stenden Hegeskoalle kinne meikoarten ôfstudearje yn de gastronomy. De hegere hotelskoalle begjint yn septimber as earste mei in masters Gastronomy. Peter Klosse is dêrfoar oanlutsen as lektor. Hy is eigner fan in restaurant en hat in proefskrift skreaun oer smaak.

Neffens Klosse giet it yn gastronomy net allinne om de keunst fan lekker en goed iten, mar ek om hoe't je iten sa meitsje kinne dat it past by de winsken fan minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)