Master oer skoaltoets: "Net te let op bêd"

18 apr 2016 - 18:08
  • Master Isaak de Boer yn Blije

Bern út groep acht moatte de kommende dagen op harsels betrouwe, rêstich bliuwe en net te let op bêd. Dat seit master Isaak de Boer fan basisskoalle De Ikker út Blije. Tiisdei set de sintrale eintoets wer útein, dy't in protte minsken noch kenne as de Citotoets. Yn Fryslân meitsje 4540 bern dy toets.

Master Isaak de Boer is hiel benijd hoe't de bern it dwaan sille. "Mar ik haw der alle fertrouwen yn. Dat haw ik ek tsjin de bern sein. Mear as dyn bêst kinst net dwaan."

Basisskoalle beslist
It belang fan de toets is de lêste jierren ôfnaam. De miening fan de basisskoalle jout de trochslach by de ferfolchoplieding fan de bern. De Citotoets telt no allinnich noch as in 'second opinion'.

Net te let op bêd
"De bern sizze dat se net senuweftich binne, mar der hearsket dochs wol wat sûne spanning yn de klasse. It is in belangryk momint, al moatte jo it belang net oerdriuwe. It type ferfolchûnderwiis stiet al fêst. Jûn noch mar even mei de kop yn de wyn. Net te let op bêd. En dan moarn der plat foar."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)