Massale fiskstjerte troch rein

26 aug 2004 - 14:15

De reinfal hat yn Fryslân laat ta massale fiskstjerte. It Wetterskip Fryslân hat tsientallen meldings oer deade fisk krige. De troffen gebieten lizze yn it noarden en súdeasten fan de provinsje. Oarsaak is de oerbelêsting fan it rioel. De protten reinwetter streame fia rioeloerstoarten yn 'e sleat en sa gean de fisken dea.

It wetterskip mjit tongersdei it suerstofgehalte yn it wetter. Dêrnei folgje mooglik maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)