Massale bijestjerte troch gif

07 aug 2003 - 00:00

It gebrûk fan bestridingsmiddels hat laat ta in massale stjerte ûnder bijen yn East-Stellingwerf. In ymker yn Langedike is yn ien dei tiid twatredde fan syn bijen kwytrekke. Twa oare bijehâlders hawwe ek mei de stjerte te krijen, dy't feroarsake wurdt troch de stof dimethoaar. Dy wurdt brûkt by de bestriding fan lús op ierappels.

Neffens de wet is it ferbean dit gif te brûken as de planten noch besocht wurde troch bijen of oare ynsekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)