Massaazje mei net

12 jan 2005 - 17:03

B en W fan Ljouwert hawwe terjochte in twangsom oplein foar massaazje. Dat hat de Ried fan Steate bepaald. De behanneling wurdt jûn yn in salon yn 'e Langdielstrjitte. Se sizze sels dat it om tantramassaazje giet, mar neffens B en W is it seksmassaazje. En dat mei yn 'e gemeente Ljouwert inkeld yn bepaalde dielen fan 'e stêd. De salon brocht it foar de rjochtbank. Dy stelde har yn it gelyk, mar de Ried fan Steate jout no B en W gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)